Hea! fan 27 maaie 2016 18:20

By de belibbingsflecht fan de F-35 boppe Marsum is it in drokte fan belang mei de spotters en parkearjen is altyd in probleem. Dêr hawwe boer Haaije en boerinne Teatske van der Meulen wat op fûn. Ien fan harren greiden is foar dizze kear omboud ta parkearterrein. Tegearre mei harren dochter binne se de hiele dei drok, mar fine it machtich, supergesellich en fertsjinje se der ek noch wat mei. En Haaije soarget foar de catering.

De Spar yn Dokkum is de skjinste fan Fryslân en omkriten. Dat komt omdat Henk Pot dêr elke dei skjinmakket en oprommet. Dêr is hy tige goed yn. Dêrneist is Henk in master yn it ûnthâlden fan datums en dagen.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)