Hea! fan 27 jannewaris 2016 18:20

It bisteferbliuw by Wensoarchsintrum Avondrust yn Makkum drige te ferdwinen. Frijwilligers ha it oppakt. Sy fersoargje no de bisten, knappe it ferbliuw op en wreidzje it út. “Dump”-bisten binne dan ek wolkom! Ek de berntsjes fan berne-opfang Doerak binne bliid dat de bisten bliuwe.

Date van der Meer fan Bantegea hat reidsnijen as hobby. Doe’t hy mei de VUT gie, krige syn frou Parkinson. Hy waard dus mantelsoarger, wol mei in soad nocht mar hy hat ek tiid foar himsels nedich. Yn de wintermoannen is hy no elke dei in oerke oan it reidsnijen. Dan wurdt hy ‘wer ien mei de natuer’.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)