Hea! fan 27 febrewaris 2017 17:35

    Swimme as in seemearmin is hot! Yn it swimbad fan Wolvegea komme oer twa dagen mar leafst 120 bern nei in clinic fan it saneamde 'mermaiding'. Dêr leare se hoe't je swimme moatte mei sa'n moaie sturt oan. Swimlearares Joke de Jong hat it inisjatyf naam. Sels waard se by it NK seemearminswimmen yn Utrecht tredde. It liket wol in echt famkes-ding, mei feroarsake troch Disney-films as De Kleine Zeemeermin. Mar der is ek ien jonkje by de belangstellenden.
    Beamseachkeunstner Banzai-John makket de moaiste bylden út hout mei in kettingseage. Op dit stuit is hy dwaande mei in kabouterpaad foar bernebuorkerij Doniastate yn Stiens. Ut beammen makket Jan Stoelwinder, want sa hjit hy eins, allehande mearkefigueren en bisten.

    Seemearminswimme

    Yn it swimbad fan Wolvegea leare bern hoe't je swimme kinne as in seemearmin. Dêrfoar krije se in moaie sturt oan en leare se in spesjale technyk.

    Doniastate krijt nij kabouterpaad

    Jan Stoelwinder fan Ychtenbrêge makket as beamseachkeunstner Banzai-John mei in seage de moaiste figueren út âld hout.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)