Hea! fan 26 septimber 2019 17:20

De 48-jierrige Maeike Nijdam is sljocht op Flamenko-dûnsjen en derom regelt se al sa'n 20 jier dat der Flamenko-lessen yn Ljouwert jûn wurde. En dat is soms in hiele put. Se is dan ek tige optein mei de nije learares dy't se dit seizoen strikke kinnen hat. Dat is Vida Peral út Amsterdam. Dizze dame fan Amearikaanske komôf is 62 jier en jout al 40 jier profesjoneel Flamenko en kastanjetten-les. Dêr kin Maaike noch in soad fan leare!

Jan Koopmans fan De Tynje is in echte doweman. Hy fynt alles moai oan dowen, bewûndert se suver. "Dat kopke is likergrut as myn tomme en toch it paad wer fine kinne hjirhinne". Jan mei ek hiel graach sjonge. Syn favorite ferske is "Den echte duivenboer" fan syn nammegenoat Jantje Koopmans.

Kastanjetten yn Ljouwert

Yn Ljouwert wurde de lessen Flamenko-dûnsjen sûnt koart fersoarge troch in Amearikaanske Amsterdamse. 

Doweman Jan Koopmans

Dowemelker Jan Koopmans fan De Tynje mei graach sjonge.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)