Hea! fan 26 septimber 2018 17:35

Tiny Landman is 65 jier en stiet noch alle wiken op it fuotbalfjild by it frouljusteam fan VV De Blesse. Folgjend jier is it feest, want dan draaft se al 50 jier efter de bal oan. Dêrmei is se de âldste fuotbalfrou fan Nederlân, mar ek de langst fuotbaljende frou. De lêste jierren is se keeper by VV De Blesse, mar it moaiste fynt se dochs om efter de bal oan te 'rauzen'.

Spinaazje, komkommer, paprika en koal. De folkstún fan Folkert Wielinga yn Snits stiet grôtfol mei farske griente en ek mei fleurige blommen. 

Tiny Landman draaft al 50 jier efter de bal oan

Tiny Landman is 65 jier en is in bytsje de mem fan it team.

Lekker mûk op de folkstún fan Folkert Wielinga

De folkstún fan Folkert Wielinga yn Snits stiet grôtfol mei farske griente.

Hea!

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)