Hea! fan 26 novimber 2020 17:15

Jierrenlang hat Leendert Ferwerda by de Waadseedyk socht nei oanspield guod. De 'Biltske bútsoeker' bouwde sa in hiele kolleksje op fan driuwers, netten, boeien, mar ek fan bysûndere fynsten. Lykas it 'lyk fan Swarte Haan', dat letter in opblaaspop bliek te wêzen. Mar de jutter moat syn bút no opromje. Rekreaasjebedriuw De Seedykster Toer by Marrum dêr't alles útstald stie, is ferkocht. En dat giet Ferwerda dochs wol oan it hert.

Jaap mei graach wat bûten by syn bisten en hokkeboel yn Boksum omspane. En dêrby hâldt hy ek wol fan in moai ferhaal ôfstekke. En dêr sit ek wolris wat fantasy by. Syn eigen frou trochsjocht him meastal wol. Spitichgenôch bliuwe der tsjintwurdich net folle minsken mear stean om efkes in pypfol te praten.

De 'moaie rommel' fan de Biltske bútsoeker

De kolleksje juttersguod fan Leendert Ferwerda hat gjin plak mear en moat opromme wurde. 

Moaie ferhalen fan Jaap

Jaap mei graach in goed ferhaal ôfstekke. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)