Hea! fan 26 novimber 2019 17:20

"Bakkers zijn meestal slechte schakers". Dy útspraak fan skriuwer Godfried Bomans skeat bakker Sake Riemersma fan Frjentsjer 60 jier lyn yn it ferkearde kielsgat. De skaakleafhawwer dage de skriuwer dêrom út foar in wedstriid yn syn bakkerij. Dy historyske partij wurdt no nochris werhelle by bakker Siesling yn Frjentsjer, mar dan as damwedstriid Frysk spul. 

Om de polder drûch te meallen is hy net mear nedich, mar dochs draait mûnder Stef Mensinga de Himpenser mûne noch geregeld. Dat is goed foar it binnenwurk. Mar it jout de foarbygongers ek in goed gefoel neffens de mûnder.

Damje by de bakker

Yn bakkerij Siesling yn Frjentsjer wurdt in bysûndere damwedstriid spile.

De Himpenserpoldermûne

Mûnder Stef Mensinga set de Himpenserpoldermûne wer oan it wurk. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)