Hea! fan 26 maart 2018 17:35

De bern fan de sneinsskoalle fan Bitgummole meitsje in palmpeaskestôk. Nei it knutseljen meie de bern yn optocht mei de stôk de tsjerke ynrinne. Mei allerhande ûnderdielen wurde eleminten út it peaskefeest ferbylde. Mar dat is net foar elkenien even dúdlik...

Piet Laverman fan Garyp hat de earste skiep mei lamkes wer bûten rinnen. Yn syn skuorre hat er ek noch wat bisten stean. It giet goed mei de lammerij, mar hy hat der ek wat trijelingen by. En dat hat de skieppeboer leaver net. 

Palmpeaskestôk

De bern fan Bitgummole meitsje in Palmpeaskestôk. 

Goeie Garyp

De skiep fan Piet Laverman fan Garyp. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)