Hea! fan 26 maart 2014 17:40

Rinze Storm fan Burgum siet oardel jier wurkleas thús. Hy waard kroangek fan it neat dwaan en joech himsels in grutte opdracht. Hy soe der foar soargje dat syn wenplak wer spik en span wie. Want al dy troep op strjitte dêr ergeret Rinze him syn hiele libben al dea oan. En sa strúnt Rinze no alle dagen troch Burgum op syk nei drankflessen, papier, blikjes, hûnestront en wat foar rommel hy ek mar tsjin komt. Earst mei help fan in kroade, no mei in bakfyts. Rinze fynt it prachtich wurk en docht it hielendal foar neat. Doarpsgenoaten binne dan ek o sa wiis mei warbere Rinze.

En Hea! seit Goeie yn Ychtenbrêge.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)