Hea! fan 26 febrewaris 2019 17:35

As boeredochter hat Nely Kerbert it weven fan mem meikrigen. Nely is no 90 jier en jout yntusken al mear as 45 jier weefles. De measte kursisten binne freondinnen fan elkoar wurden en se diele lok en leed mei elkoar. Bûten it weven om meitsje se ek noch moaie reiskes mei elkoar.

En yn Hylpen beprate Wiebe de Boer en Klaas Kappendijk it nijs fan de dei. 

Nely jout al 45 jier weefles

Nely Kerbert-Schermerhorn is 90 jier en learde it weven fan har mem. Se sil les jaan bliuwen oant se der net mear is.

It nijs fan de dei

We sizze Goeie! yn Hylpen 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)