Hea! fan 26 april 2018 17:35

Har hiele boppeferdjipping stiet der fol mei: de keningshûs-sammeling fan frou Tine Hiemstra-Kloosterman fan Burgum beslacht 3 sliepkeamers en de oerrin. En dy steane hielendal fol mei boeken, buordsjes, foto's, leppeltsjes, skilderijkes en wat je mar mear betinke kinne mei Oranjes der op. Frou Hiemstra fynt alles fan it keningshûs prachtich, mar prinses Beatrix is har grutte favoryt. 

It Oranje-komitee fan Kollum bestiet dit jier 100 jier en dêrom binne de Kollumer Katdagen ekstra feestlik. De froulju fan de hanwurkklup fan de strjitte Tolhuis ha it jubileum meinaam yn harren strjitfersiering. Wikenlang ha se read-wyt-blauwe linten haakt om om de beammen te knoopjen. 

Keninklike sammeling

De Oranje-sammeling fan frou Hiemstra fan Burgum. 

Kollumer Katdagen

De selsmakke strjitfersiering fan it Tolhuis yn Kollum. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)