Hea! fan 26 april 2017 17:35

Tietsje Terpstra fan Hurdegaryp hat har hûs grôtfol stean mei ‘keningsguod’. Se komt om yn ‘e blikjes, buorden en leppels mei ôfbyldings fan it keninklik hûs. Mar neffens frou Terpstra kin der noch wol wat by. En dêrom wol se op Keningsdei as ien fan de earsten op ‘e frijmerk wêze.
En op Keningsdei draait yn Blauhús altyd alles om 'e autocross en wa't de king of dirt wurde sil. Sa’n 50 frijwilligers binne no al wer drok yn it spier om alles klear te krigen foar de dei fan moarn. Johannes Wiersma, Siebe de Vries en Jan Daem binne ek wer fan de partij en dat binne se al mear as 40 jier.

Keninklik guod yn Hurdegaryp

Tietsje Terpstra en har leppels, bekers en blikjes fan it keninklik hûs.

De frijwilligers fan de Kingsbattle

Johannes Wiersma, Siebe de Vries en Jan Daem drok yn it spier foar de autocross fan Blauhús.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)