Hea! fan 26 april 2012

Yn Heech is in groepke minsken dwaande mei it trainen fan harren wetterhûnen. De wetterhûn wie eins altyd in wurkhûn en waard brûkt foar it mollefangen en jeien. Der wurdt drok wurke oan it apportearjen, mar dat giet net altyd goed fansels.

It wie dizze wike feest yn dûnssintrum Saco Velt yn Ljouwert. In hiele groep senioaren krige harren dûnsdiploma. Se hienen meidien oan de aksje 'mag ik deze dans van u' om senioaren wer fan de bank ôf te krijen. Mei sukses, en der binne sels nije leafdes út ûntstien.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)