Hea! fan 25 septimber 2017 17:35

De Van der Meeren fan Kollum binne betûfte ielrikkers. Heit Wietze van der Meer, soan Henk, dochter Johanna en freon Peter de Bruyn dogge mei oan it iepen Frysk kampioenskip ielrikjen yn Earnewâld. Neffens metoades dy't 'top secret' binne, wurde de lekkerste ieltsjes rikke. En dan is der ek noch wol wat striid yn de famylje wa't de bêste is...
De kavia-opvang fan Silvia Flantua út Bakkefean bestiet 20 jier. Oerstallige, âlde en sike bistjes wurde dêr opfongen. Op it stuit hat Silvia sa'n fjouwerhûndert fan dy knagerkes ûnder de pannen. Neffens har ha in soad minsken gjin doel oer de bistjes. Omdat se bygelyks al hiel gau fruchtber binne, sitte je der samar ûnder...

Ielrikjen yn Earnewâld

De ielrikjende famylje Van der Meer fan Kollum.

Kavia-opfang

De kavia-opfang fan Silvia Flantua út Bakkefean.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)