Hea! fan 25 oktober 2019 17:20

Nei 57 jier knippen en kappen jout kapper Bertus de Vries fan De Pein de skjirre oer. Bertus wurdt 71 jier en de tiid om op te hâlden is no kommen. Mar de saak bliuwt yn de famylje, dochter Methilde giet fierder mei de kapsalon. En dat net allinnich, heit en dochter ruilje ek nochris fan wenning. 

Fan de Hea!-souder komt dizze wike in reportaazje út 2013: De 10-jierrige Richtsje de Boer út Drachtsterkompenije hat har hokkeling Rakker allegearre keunstkes leard. 

kapper Bertus

Kapper Bertus de Vries fan De Pein jout nei hast 60 jier de skjirre oer. 

Richtsje en Rakker

Fan de Hea!-souder: Richtsje en har hokkeling Rakker. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)