HEA! fan 25 novimber 2021 17:15

De 82-jierrige Gjalt van Bruggen út Ljouwert tinkt noch alle dagen werom oan syn tiid op see. Hy wurke as kok op de kustfeart en de grutte feart. Sa hat hy hiel wat plakken op de wrâld sjûn. Yn it hûs fan Gjalt stiet it fol mei werinnerings oan dy tiid. Van Bruggen hat der sels in liet oer skreaun dat no op CD set is. Thússoarch-help Silvia Peereboom sjongt de twadde stim.

Hiel wat jierren hat Thomas Bijlsma fan Warten aktyf west as drager fan in útfeartferiening. Yn dy perioade ha foaral de bern dy't ferstoaren oan kanker in soad yndruk op him makke. De âlde pream fan syn pake set Bijlsma no yn foar útfearten. De famylje kin dan in lêste fartocht meitsje mei de ferstoarne. De opbringst dêrfan skinkt de Wartenster hielendal oan KiKa, de stichting Kinderen Kankervrij. 

It skipke fan Gjalt

Gjalt van Bruggen (82) fan Ljouwert besjongt syn jierren op see yn it nûmer 'Dat kleine scheepje..'. 

De lêste fartocht

Mei de útfeartpream fan Thomas Bijlsma út Warten kin in lêste fartocht makke wurde as ôfskied. 

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)