Hea! fan 25 novimber 2020 17:15

Elbert Vastenbrug fan Poppenwier is 64 jier en behoarlik ferslave. Hast alle dagen komt er yn de sportskoalle om te bankdrukken. 175 kilo tilt er mei gemak op. Hy woe eins meidwaan oan it WK Bankdrukken, mar dat giet troch corona net troch. En Sjoerd Bleeker helpt syn soan Bruno geregeld mei putsjes yn en om syn 'nije' hûs yn Skarl. Dêr komt diskear allinnich net safolle fan terjochte, want de muzyk nimt it oer. Mirjam Timmer fan Twarres bellet tafallich, en dan kin Bruno syn nije ferske ek net langer ûnder de pet hâlde.

Elbert is ferslave oan bankdrukken

Elbert woe eins meidwaan oan it WK Bankdrukken, mar dat giet fanwegen corona net troch. Dochs traint hy fanatyk troch, want yn foarm bliuwe is like belangryk.

Fluitsje en sjonge yn Skarl

Bruno lit syn nijste ferske hearre. Heit Sjoerd, de broer fan de bekende folkssjonger Doede Bleeker (ferstoarn yn 2018), is net sa muzikaal, seit er. Mar neffens Bruno kin heit oars wol hiel goed fluitsje.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)