Hea! fan 25 maart 2021 17:15

Op soarchbuorkerij en deibesteging De Zwagemer yn Sniksweach giet it wurk gewoan troch, ek yn corona-tiid. Foar de jonges en fammen dy't der komme is dwaande wêze en struktuer yn de dei hiel wichtich. Mar de bisten moatte ek gewoan fersoarge wurde en it wurk om de pleats hinne moat dien wurde. Trochdat De Zwagemer lytsskalich is en der genôch romte is op it hiem kin alles ek op oardel meter.
Heit Wim Booijink fan Oentsjerk makket in lange kuier mei syn soan Bas. Bas hat in ferstânlike beheinig en wennet net thús. Mar ien kear yn de twa wiken is hy in wykein by syn heit en dan lûke se der op út. Al kuierjende romje se ek nochris in soad smoargens op. Bas wiist syn heit dan wêr't de rommel leit.

Soarchbuorkerij De Zwagemer

It wurk op soarchbuorkerij De Zwagemer giet ek yn corona-tiid gewoan troch. 

Heit en soan te kuierjen

Wim en Bas Booijink meitsje tegearre in kuier en romje smoargens op. 

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)