Hea! fan 25 maart 2019 17:35

Yn in map op souder fûn Sipke de Schiffart 30 tekeningen fan jonges fan in jier as 15. Se binne makke troch syn heit Wiebe de Schiffart doe't hy learaar wie op de Ambachtsskoalle yn Dokkum yn de 50-er en 60-er jierren. De Schiffart senior koe goed tekenje en liet syn learlingen model sitte. Sipke wol no graach dat de modellen fan doe harren tekening krije. 

Fredemara Bosma fan De Rottefalle is gek mei bisten. Hynders, geiten, kninen, skiep... fan alles hat se. It moaiste fynt se it wannear't de bisten wat ekstra soarch nedich ha en se der echt op passe kin.  

De portretten fan De Schiffart

Wa steane der op de 30 portretten dy't yn de 50-er en 60-jierren tekene binne troch Wiebe de Schiffart yn Dokkum? 

Lamkes yn De Rottefalle

De bisteboel fan Fredemara Bosma fan De Rottefalle. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)