Hea! fan 25 maaie 2016 18:20


Sneon ried der in lang lint fan mear as 100 frachtweinen troch Fryslân. Elk jier organisearret Omrin dizze toertocht foar kliïnten fan Talant. Sofia Nauta is gek fan frachtweinen en hat dan ek lang nei dizze dei útsjoen. Sjoerd Oosterbaan is har sjauffeur en ried har mei in soad nocht rûn.

En yn Riis komme we Hiske Dijkstra en Rostak Lanjouw tsjin. Ek al reint it, sy rinne dochs harren rûntsje troch it bosk. Dat dogge sy al pratend en sjongend.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)