Hea! fan 25 juny 2014 17:40

Teo Prosje hat op it yndustryterrein yn Ljouwert-West in winkel mei guod. Nij, twaddehânsk, âld, treddehânsk, opkochte partijen skjinmakkersguod en fjirdehânsk. Troch syn saak skalt Hollânsktalige meisjongmuzyk en in grut ferskaat oan minsken lit har ferliede in stap oer de drompel te setten. Op syk nei....? Prosje fynt it benammen leuk om dizze winkel te hawwen. 'Ongedwongen' moat it wêze, fynt er. Hy hat jierren mei syn broer de winkel Kachelspecialist yn Goutum hân, mar waard dêr úteinlik net gelokkich fan. No sit er yn de hannel en hy fermakket him wer prima!

Ut it Hea!-argyf sjogge wy hjoed nei de Hea!-ôflevering fan 6 jannewaris 2014.
Yn desimber 2013 wie it Iepen NK stockkarracen. Yn Marrum stride 29 mannen as hinget harren libben derfan ôf. Mei lytse formule 1-replika's binne se it hiele wykein dwaande mei tariedings, trainings en dan de grutte wedstriid.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)