Hea! fan 25 jannewaris 2017 17:35

Allinnich harren repetysjes al binne in grut feest. Dweilorkest De Menaemer Feintsjes oefenet alle freedtejûnen om harren optredens noch better te meitsjen. It is in hechte freoneploech fan san'n 20 jonge mannen dy't in soad wille ha yn meielkoar muzyk meitsje. En dy sfear litte se ek sjen as se optrede.

Alle woansdeitemoarns is it in gesellige boel yn it swimbad fan Dokkum. Andreas Veltman jout dan aquajoggen oan in groep froulju op leeftiid. Se moasten earst wol wat oan de jonge ynstrukteur wenne, mar kinne no net mear sûnder him.

Menaemer Feintsjes

As de mannen fan dweilorkest De Menaemer Feintsjes meielkoar oefenje, is it al feest.

Aqualadies Dokkum

De Aqualadies fan Dokkum fermeitsje harren bêst mei harren jonge ynstrukteur Andreas Veltman.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)