Hea! fan 25 jannewaris 2016 18:20

By Thialf wurdt wer hurd wurke troch de ploech fan Sportsupport Thialf ûnder lieding fan wurkbegelieder Gerrie Rozenberg. Al mear as tsien jier dogge de kliïnten fan Wil goeie saken by de iisbaan. Elke dei wer de tribunes opromje, de parkearterreinen netsjes hâlde en de kliko's leegje. Dizze ploech kin dan ek net mear mist wurde.

Hijlke Posthumus fan Eastermar is 74 jier en bepaald net in stilsitter. Moarns in bakje kofje en dan baarnt it him al yn. Syn soan hat de pleats oernaam, mar Hijlke kin it net litte en is der elke dei te finen. Der binne altyd klussen te dwaan en Hijlke hâldt derfan om de boel netsjes te hâlden. Op dit stuit is Hijlke dwaande mei de toarnbeistruken...

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)