Hea! fan 25 jannewaris 2012

Fryske sjeazen en belsliden
Jaap Veenstra fan Kollum bout noch op ambachtlike wize antiken sjeazen, belsliden en koetsen. De histoaryske Fryske sjeazen fersiert er mei sierlik snijwurk, smeiwurk en beskilderingen en se geane de hiele wrâld oer. En doe't er by in man yn Dútslân syn absolute topstik besjen soe, kaam de sjeas him bekend foar.
www.friesesjees.nl
 
Goeie! operaasje
Jan Jonker fan It Hearrenfean kaam de Hea!-ferslachjouwer al te mjitte op strjitte. Hy hat krekt syn hûntsje nei de bistedokter brocht foar in knipbeurt, dus hy hat thús efkes neat om hannen. Sels komt er ek krekt by de dokter wei.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)