HEA! fan 25 febrewaris 2021 17:20

Ek winters kinne je prima suppe troch de grêften fan Ljouwert. Tineke Merkus fan de Supskoalle yn Ljouwert fynt it prachtich wurk. Earder wie se accountmanager op in bank, mar doe't se de smaak fan it suppen te pakken krige, goaide se it roer om. It mantelpakje en de hege hakken waarden omruile foar in wetsuit en in board, en no wol se noait mear oars.

Hanneke Bovenhuis sil in ein te hynsteriden mei de pake- en beppesizzer fan har buorlju, Elske. Hanneke sit al har hiele libben yn de hynders, mar is sûnt in pear jier ferslingere rekke oan de Fryske hynders. Se riidt no op it hynder fan har buorlju. Elske hat it riden noch mar in goed jier lyn leard. Pony Spooky is net allinne fijn om op te riden, mar tagelyk ek in kameraad dêr't Elske har emoasjes by kwyt kin.

Wintersuppe yn Ljouwert

Tineke Merkus supt ek winters troch de greften fan Ljouwert. 

Hynsteride yn Sondel

Hanneke en Elske sille tegearre te hynsteriden. 

HEA!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)