Hea! fan 25 april 2017 17:35

It wie net te leauwen...it hold mar net op. De hiele famylje Wiegersma gokte der op los, mar net ien hie it goede antwurd. Mar leafst 15 pups hat de Fryske stabij Lobke krigen en elkenien wurdt dan ek ynskeakele om te helpen mei it byfuorjen.

As jonkje fan tolve jier wie hy der al gek fan. Op de fyts nei Kollum en dan hearde hy de stockkars al. “Dan begjint myn eigen motorke al hurder te rinnen”, sa seit Seye Herke Brinkman. Hy is ien fan de leden fan Stockkarteam De Vries fan Koatstertille. In bysûnder team mei sa’n 15 aparte types, sa sizze se sels. Dizze wedstriid is de lêste grutte test foar DE wedstryd fan it jier; De Kingsbattle! En dy is kommende tongersdei yn Blauhús.

Sjoch ek op www.omropfryslan.nl/racing

In nêst fol mei Fryske stabijpups

Yn Oerterp hat Fryske stabij Lobke 15 pups krigen

Tarieding op de Kingsbattle yn Blauhús

It stockkarteam De Vries fan Koatstertille makket harren klear foar de grutste stockkarrace op Keningsdei

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)