HEA! fan 24 novimber 2021 17:15

Boer Yde Roorda sit sûnt koart yn de sprútsjes. Hy is der wat ynrôle, sa seit er sels. Yde hie al brokkoly op it lân, mar om it seizoen wat te ferlingjen, sit er no yn de winterkeninkjes. Der is bot fraach nei sprútsjes. Yde leveret oan grutte supermerken. Mar oft er se sels no sa lekker fynt?

Jitze Kerkstra is al hast 30 jier foarsitter fan de iisbaanferiening fan Rinsumageast-Sybrandahûs. Hjoed hat hy in putsje op de iisbaan: hy knapt de ljochtmêsten op. Dizze moanne noch wurdt de baan ûnder wetter setten. En dan mar hoopje op in strange winter mei in soad iiswille...

Yde is yn de sprútsjes rôle

Boer Yde Roorda hat 96 bunder oan lân fol mei sprútsjes

De iisbaan klearmeitsje

HEA! seit Goeie op 'e iisbaan fan Rinsumageast-Sybrandahûs en treft Jitze Kerkstra.

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)