Hea! fan 24 maart 2020 17:20

Al peddeljend op in surfplanke de rommel yn en om it wetter oprêde. Dat is Sup Clean Up. Aukje Postma is der alle wiken in pear oeren mei dwaande yn de omjouwing fan Akkrum. Postma hat in sup-skoalle, mar dy leit op it stuit stil. Se is dan ek bliid mei dizze opdracht fan de gemeente Hearrenfean. Aukje fernuveret har der oer hoefolle rommel se alle kearen wer tsjinkomme. 

Fisker Mark Koornstra fan Harns leit yn de haven mei syn boat. Gewoanwei fisket hy op granaten, mar de ôffier dêr fan stagnearret. Der is no tiid om putsjes op de boat te dwaan en de netten te reparearen. Dochter Mila hoecht net nei skoalle en is ek oan board. 

Sup Clean Up

Aukje Postma hellet al suppend in hiel soad smoargens út it wetter. 

Goeie yn Harns

Fisker Mark Koornstra leit mei syn skip yn de haven fan Harns. Der is net folle te fiskjen. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)