Hea! fan 24 maart 2015 18:20

Muzyk hâldt je jong! Dat is de miening fan alle spilers by de senioarebrass Fryslân 50+ fan Ljouwert. Elke tongersdei is it wer efkes lekker oan de slach mei de hiele ploech. En de doar stiet iepen foar nije leden, want der is noch romte.

Yn Drachten stiet it hjoed fol fan de selsmakke skelters. Sa'n 70 learlingen fan sân skoallen út de provinsje ha de ôfrûne moannen drok dwaande west om in simpele skelter te pimpen. De bern lizze mei harren eigen kreaasjes in parkoers ôf, mei û.o.in pitstop en in behindichheidsproef en dat wurdt noch in spannende race.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)