Hea! fan 24 maart 2014 17:40

Yn 1979 wie er Europeesk topskoarder en wûn er de Gouden Skoech. As 17-jierrige jonge begûn er syn fuotbalkarriêre by SC Hearrenfean, mar hy spile benammen foar AZ. Kees Kist wie yn dy tiid ien fan de nasjonale topskoarders. Hy wie benammen bekend om syn hurde skot. No ferkeapet er frouljesskuon op de merk fan Ljouwert en It Hearrenfean. Hea! trof Kees Kist op de Ljouwerter freedsmerk.

Louw van der Veen fan it Harnzer sloopbedriuw Haarsma sloopt it alderlêste stik fan in âlde pleats tichtby Marsum. Neffens Van der Veen is slopen in prachtich fak.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)