Hea! fan 24 maaie 2018 17:35

Nei 50 jier mei blommen op de Snitser sneonsmerk stien te hawwen, hâldt Theo Ruis der mei op. As jonkje fan 15 holp er al mei, en no't hy 65 is fynt hy it in moai momint om op te hâlden. De markante merkkeapman hat foar elkenien in laits en in grapke. Ruis hat altyd genoaten fan it wurk en de kontakten mei de klanten. En de klanten sille him ek misse op it Grootzand. 

Hilaard makket him op foar HyNight, it grutte muzykfeest yn de tinte. Tsientallen frijwilligers binne dwaande om alles op te bouwen en klear te setten, De jongerein fan Hilaard mei dit jier de garderobe beheare. Mei de opbringst dêrfan kin it jeugdhonk dan wer opknapt wurde. 

Merkkeapman

Merkkeapman Theo Ruis fan Snits hâldt der nei 50 jier mei op. 

HyNight

De jongerein fan Hilaard helpt mei de garderobe foar HyNight yn de feesttinte. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)