Trije gram tabak, in goede piip en sa no en dan in bytsje bluffe. Dat hast neffens Rients de Jong út Goaiïngea nedich om in piipsmookwedstriid te winnen. En hy kin it witte, want hy smookt al 35 jier mei syn piipsmookklup Stuurop.
Tine Hoekstra út Eastermar sparret al hast 24 jier teepûdsjes. Pickwick, Lipton of it thúsmerk fan in supermerk. Se sparret alles en hat no al mear as sântûzen ferskate pûdsjes.