Hea! fan 24 febrewaris 2021 17:15

Kees de Boer fan Terwispel krige twa jier lyn in harsenynfarkt. As soarte fan terapy makket er no syn eigen beamkeunst en stalt dat út yn syn tún. En HEA! seit Goeie op De Feanhoop. Fryslân stie hielendal net iens op de kaart doe't Ted Koopmans en syn frou sochten nei in hûs op de romte. Mar doe't se harren dreamhûs te keap seagen yn Fryslân, weagen se dochs de stap fan Lelystêd nei De Feanhoop.

Beamkeunstner Kees de Boer

Wat de houten keunstwurken yn syn tún krekt foarstelle? "Wat jo der mar yn sjen wolle", seit Kees de Boer fan Terwispel altyd tsjin foarbygongers.

Goeie op De Feanhoop

Fan De Feanhoop hat Ted Koopmans noch altyd gjin spyt, want hjir kin er hearlik túnkje.

HEA!

Hea! is der wer yn septimber !! It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)