Hea! fan 24 augustus 2013

Yn Goeie! ditkear twa buormannen. Tegearre binne se de hage oan it knippen. Se hawwe mear gemien, se hawwe beide fûgeltsjes yn in foljêre.

En út it Hea! simmer-argyf fan 13 maart 2013
Yn Raard hawwe Pieter en Sjoukje in spesjaal freontsje; de jonge goes Ducky. Ferline jier wie Hea! al by it stel op besite, mar no woene Pieter en Sjoukje sjen litte hoe grut Ducky al wurden is. En dat net allinne, want Ducky hat ek noch in spesjale taak yn it doarp krigen.
De ynwenners fan Raard ûnderfine noch alle dagen de gefolgen fan it ferskriklike ûngelok fan âldjiersnacht. Doe rekken 17 minsken ferwûne en de buorman fan Pieter is dêrby sels ferstoarn. Ek Pieter rekke ferwûne, mar is yntusken wer hielendal better. Mei syn goes Ducky ûnder de earm besiket er de minsken yn it doarp wer wat op te fleurjen.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)