Hea! fan 24 april 2019 17:35

Teef Happy yn Starum waard in moanne lyn mem fan mar leafst 12 pups. Dat is in hiel hok fol en baaske Immie Keizer hat it der dan ek mar drok mei. Dat der puppys kamen hie nochal wat fuotten yn 'e ierde. In geskikte reu fine dy't op kommando leverje kin fâlt net ta: "It wie in woeste Italiaan dat hy die it te snel, doe lei alles der nêst yn plak fan yn de hûn"

"Alles wat groeit makket gjin lawaai", In útspraak fan de Dútske filosoof Anselm Grün. Wijke van der Kooi kin har dêr hielendal yn fine. Sy fynt it hearlik om yn stilte dwaande te wêzen op de folkstún yn Burgum. In stikje fierderop sitte fjouwer manlju te swetsen. Sy komme hjir krekt foar de sosjale kontakten, efkes gesellich by praten. En de sekretaris fan de feriening, Wubbe Wilts, genietet al 40 jier fan syn stikje grûn dêr. Sa fynt elts wat oars op de folkstún yn Burgum.

12 pups yn Starum

Baaske Immie Keizer hat der hiel wat foar oer hawwe moatten om it teefke Happy swier te krijen, mar it hat it wurdich west: se hat in nêst mei 12 pups. 

De folkstúnkers fan Burgum

Elts hat om in oare reden in folkstüntsje. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)