Hea! fan 24 april 2013

Lisa Kraijenhage en har dochter Deborah dogge oan bûkdûnsjen. Lisa kaam hjir mei yn 'e kunde jierren lyn yn Israel. Se docht it net allinnich thús mar jout ek les en treedt op. De froulju wolle ek oaren waarm meitsje foar it bûkdûnsjen, ek manlju. Foaral de Fryske manlju kinne wol wat losser yn de heupen wurde. Foar de Hea! kamera dûnsje de froulju yn en om hotel de Oorsprong yn Sint Nyk. (mear ynformaasje? sjoch www.lalisa.nl )

Yn Bakkefean bestiet it Achterom-winkeltsje fan Hillie Veenstra dizze wike presiis 20 jier. In bysûndere winkel, want je fine der net allinnich twaddehânsk boeken mar foaral ek guod út de tredde wrâld. Frou Veenstra hat dus eins har eigen wrâldwinkel, en wol yn har eigen garaazje....
(it winkeltsje is te finen oan de Tjerkewâl 18 yn Bakkefean)

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)