Hea! fan 23 oktober 2019 17:20

It stof fan skjirre hout fleant dizze moanne troch it Nationaal Model Spoorbaan Museum yn Snits. Dêr wurdt troch frijwilligers hurd wurke oan it opknappen, skjirjen en farvjen fan in 15 meter lange houten spoarbaan mei treintsjes. En yn Aldskoat wurdt troch de jongerein dêr omraak skeurd mei mini-Z-race-auto's.

Houten boartersguodtrein

It museum krige de treinkolleksje fan KidsProject, dy't de houten spoarbaan earder altyd útstalde yn bernesikehûzen, skoallen, musea en revalidaasjesintra. It museum sil dy tradysje yn stân hâlde.

Race mei roze auto

De auto fan Evelien Weening-Jansen mei opmerklik neamd wurde. Hy is rôze farve mei glitters. "Gewoon zelf gelakt met nagellak."

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)