Hea! fan 23 oktober 2018 17:35

Ward en Bern Monkel fan Aldhoarne binne jonge motorcrossers en binne der alle dagen mei dwaande. It kostet de hiele famylje Monkel berch frije tiid mar se ha it der allegear foar oer.

Stilsitte kin Jan Kiewiet fan Appelskea net. Al mear as 25 jier bringt hy it iten by de minsken thús. Hy is 89 jier, mar is noch altyd bliid dat hy wat foar de minsken betsjutte kin. 

Strâncross op 'e Lemmer

Ward en Bern race der op los

Jan Kiewiet

Kiewiet is 89 jier en bringt noch alle dagen iten by de minsken thús.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)