Hea! fan 23 oktober 2017 17:35

“In smoarge sleat foar my en in skjinne sleat achter my,” dat fynt Gerrit Faber út Easterein machtich. As hekkeler docht er neat leaver as de hiele dei op it lân wêze.

Se kinne it wurk hast net oan: de gersdrûgerij fan De Pein. Hûnderten boeren hingje wykliks oan de telefoan. En de frou, de logistike spin yn it web dy’t hjirefter sit is Ineke Wiegersma.

Gerrit Faber oan it hekkeljen

Hekkelje tusken it Weidumer Hout en Reduzum

Gersdrûgerij De Pein

Ineke Wiegersma fan de gersdrûgerij

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)