Hea! fan 23 oktober 2015 18:20

It is hjerstfakânsje, en dat betsjut drokte by bernebuorkerij De Naturij yn Drachten. De minsken fan Talant dy’t dêr yn de betsjinning wurkje, fine dat prachtich. Der is sels in echte snoepekspert!

Mei de holle tsjin in muorre swimme en dan ferlamme reitsje. Dat oerkaam Bernard Woudt fan De Jouwer. Nei in jierrenlange revalidaasje waard er hieltyd swierder. Hy krige in griis oan himsels en hat der op eigen krêft wat oan dien. En dêr is er mar wat grutsk op.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)