Hea! fan 23 novimber 2017 17:35

Mei syn Red Projekt hat fotograaf Arie Bruinsma fan Sint-Nyk al goed 200 minsken mei read hier en sinnespruten op 'e foto set. Uteinlik wol hy der 500 portrettearje, om der dêrnei in boek fan te meitsjen. En dat liket wol te slagjen, want mei troch de sosjale media is it projekt al aardich populêr wurden. Wêrom read hier? Arie fynt it moai. Want wylst minsken eartiids wol narre waarden mei read hier, binne se der no krekt grutsk op.

Ale van der Galiën woe altyd al wat mei hynders dwaan, mar syn heit woe him net op rydles ha. Mar doe't de soan fan Ate yn Froubuorren in maneezje begûn, koe hy dêr sels oan it wurk mei hynders. En no't er al oer de 70 is, is hy der noch alle dagen te finen.

Red Projekt

Fotograaf Arie Bruinsma fan Sint-Nyk wol 500 minsken mei read hier op 'e foto sette foar in boek. 

Goeie maneezje

Ale van der Galiën wurket noch graach yn de maneezje fan syn soan yn Froubuorren. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)