Hea! fan 23 novimber 2015 18:20

Geert Holwerda fan Drachten is 83 jier, mar hy is noch twa kear yn 'e wike yn it spier by fytsewinkel de Drait. Hy fynt it gjin wurk mar hobby. It hâldt him dwaande en jout ôflieding. Dat kin hy wol brûke want syn frou is slim siik.

Melinda en Egbert Veenstra fan Lippenhuzen binne gek meielkoar, mar hast noch gekker mei de dowen. Melinda hat ea in ferwûne do fûn en dy hat se opwoutere. Dêrnei woe se de do wer fleane litte, mar de do woe net fuort. Fan dat momint ôf hat it dowe-firus taslein... ek by har man.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)