Hea! fan 23 maart 2020 17:25

Baggerwurker Sjoerd de Vries wurket al hast 20 jier as iennichste Fries by baggerbedriuw West Friesland út Andyk. Hy hat net safolle mei wetter, mar mei syn wurk sit er der wol alle dagen op. Dat wurk giet ek no gewoan troch en kin je net thús dwaan. Sawol Sjoerd, as syn maat op de frachtwein sitte elk op harren eigen "eilân", dus dat is feilich genôch.

Hoe bring je yn dizze corona tiden je dei troch en wêr hâlde minsken harren mei dwaande. Yn Lollum hellet Riemke Joustra it ûnkrûd tusken de stiennen fuort, want binnen sitte kin altyd noch.

Baggerwurk yn Earnewâld

It wurk op it wetter giet gewoan troch.

Hoe bringe jo de dei troch

Riemke Joustra fermakket har wol.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)