Hea! fan 23 maart 2017 17:35

    De fûgelwachters fan Nijeberkeap ha it der mar drok mei: 75 nije nêstkastkes moatte ophongen wurde, foardat it briedseizoen wer echt los giet. Begjin dizze moanne waarden tritich fan dy kastkes troch ûnbekenden fan de beammen lutsen en fernield. Mar fan alle kanten kaam help yn de foarm fan nije. En dy moatte no wer yn 'e beam.
    Yn it tredde diel fan de rige oer soarchboat Willem Alexander sjogge we by de frijwilligers en mantelsoargers dy't de reis foar de passazjiers mooglik meitsje.

    Nêstkastkes yn Nijeberkeap

    De fûgelwachters fan Nijeberkeap hingje de nije nêstkastkes op dy't se krigen ha, neidat tritich oaren fernield waarden.

    Soarchboat Willem-Alexander, diel 3

    De reis fan de soarchboat Willem-Alexander is net mooglik sûnder de ynset fan tsientallen frijwilligers en mantelsoargers.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)