Hea! fan 23 maart 2016 18:20

Gerda Zandstra hat op de seedyk in hiel lyts haske fûn. Se tinkt dat in rôffûgel it per ongeluk falle litten hat. En net allinnich Gerda ûntfermet har oer dit lytse bistje. Har hûn Indy is in hiel soarchsume heit.

Sûnt septimber 2015 hat Warns gjin winkel mear. Dat koe echt net fûn Wil Kuipers. Hy is oan de slach gongen en hat it hast foarelkoar. De lêste tariedings wurde dien en dan hat Warns wer in lyts winkeltsje. Sa ha de toeristen yn de simmer in moai plakje om hinne te gean.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)