Hea! fan 23 maaie 2019 17:35

As jonkje al hie hy de dream om mei in eigen sjittinte op de merke te stean. En no komt dy jongesdream út: Pieter de With fan Aldehaske hat in sjittinte kocht en reizget der mei by merken del. It is noch as in hobby, mar it fielt foar him as ien fan de bêste besluten dy't hy ea yn syn libben makke hat. 

De froulju fan Ried leare wer sokkebreidzjen! De measten ha it wolris dien, mar dat is al wer even lyn. En hoe giet dat ek al wer, op fjouwer preammen breidzje of in dûbele hakke meitsje? Mar boppedat is it meielkoar breidzjen hiel gesellich en goed foar de sosjale kontakten. 

De sjittinte fan Pieter

Pieter de With hat op syn 54ste noch in sjittinte kocht en stiet dêrmei op merken en doarpsfeesten. 

Sokkebreidzjen

De froulju fan Ried ha it sokkebreidzjen wer oppakt. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)