Hea! fan 23 maaie 2017 17:35

Mei selsboude sjippekisten by de terp fan Hegebeintum del race. Dat wie de opdracht foar learlingen fan ferskillende praktykskoallen yn Noardeast-Fryslân. In hiel spektakel, wêrby't de karkes troch de bocht giere. Mar ek de hormoanen fan de fammen giere, by al dy stoere jonges-koereurs.
Topdrokte foar boeren en leanbedriuwen mei it kúljen. Se dogge der alles foar om de earste sneed gers moai op 'e bult te krijen, foar de bêste kwaliteit kuil foar it winterskoft. De mannen fan leanbedriuw Okkema meitsje dan ek lange dagen. Sels it waarmiten bart tusken de bedriuwen troch op it lân yn it gers.

Sjippekisterace

Mei in selsboude sjippekiste by de terp fan Hegebeintum del race.

Kúlje

De mannen fan leanbedriuw Okkema meitsje lange dagen mei it kúljen.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)