Hea! fan 23 maaie 2014 17:40

Jan Feeringa fan Wâldsein hat in sleepboat fan hast 100 jier. Hy is in echte leafhawwer en sleutelt in soad oan syn boat. Hy hat it skip no al 35 jier en hat yn dy jierren alles werom brocht yn orizjinele steat mei orizjinele ûnderdielen. Dit wykein is it bingo foar Jan, want der komme in lytse 70 leafhawwers fan slepers en triuwers nei Wâldsein.

En yn Blauhûs is in ploech fan sa'n 10 jonkjes hast elke wike wol in kear oan it skelterracen op it skoalplein fan de basisskoalle. Se ha allegear in mamoetskelter en se pakke it profesjoneel oan. Se sette in parkoers út, dogge wedstriidsjes en hâlde de skoares by. Mar it belangrykste is wol de snelheid en it beuken.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)