Hea! fan 23 juny 2016 18:20

De manlju fan soarchbuorkerij Moai Seldsum yn Oentsjerk krije heftruckles by ATO Bedriuwstrainingen yn Ljouwert. Der wurdt omraak slalomd, en mei swiere fetten oer it lesterrein riden. Ien fan de mannen fynt it sa moai dat er yn Hea! fuortendaliks ek mar sollisitearret nei in baan as heftrucksjauffeur.

Date van der Meer fan Bantegea hat reidsnijen as hobby. Doe’t hy mei de VUT gie, krige syn frou Parkinson. Hy waard dus mantelsoarger, wol mei in soad nocht mar hy hat ek tiid foar himsels nedich. Yn de wintermoannen is hy no elke dei in oerke oan it reidsnijen. Dan wurdt hy ‘wer ien mei de natuer’.

Beide reportaazjes wiene it ôfrûne seizoen al te sjen by Hea!

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)