Hea! fan 23 july 2012

Yn Driezum is in grutte groep frijwilligers drok dwaande mei de tariedings foar de kommende hynstedagen. Foaral it meitsjen fan de hindernissen is in soad wurk. En hoe stiet it mei de ûnderlinge ferhâldings?

Yn Goeie! binne we yn Warkum. Dêr is John de Jong drok dwaande yn 'e tún. It petear giet oer muzyk.

Ut it Simmerargyf - Yn Wâldsein krijt Rob Belksma hiel wat klanten yn syn tatoeaazjewinkel. Mar diskear kaam der in klant mei in hiel bysûnder fersyk. Piet út Emmeloord woe graach in tatoeaazje sette litte fan syn favorite Fryske tillevyzjeprogramma.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)